It Waar fan 30 novimber 2019 18:10

Foarútsjoch: snein earst kâns op mist en tichte mist. Oerdeis in soad bewolking mar ek sinneskyn en 3 of 4 graden yn it easten oant 7 graden op de eilannen. De mist kin it lang folhâlde, benammen yn it súdlike part fan de provinsje. Earne oars ek noch wol efkes sinneskyn. Letter yn de middei yn it Waadgebiet kâns op in buike. In swakke oant matige wyn, meast east oant súdeast. Yn de jûn en nacht in bui of in buike, ek opklearrings en 0 of +1 graden. Hast oeral froast oan de grûn.

Moandei meast drûch waar. Yn it Waadgebiet in buike. Fierder geregeld sinneskyn en 7 of 8 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)