It Waar fan 30 juny 2020 17:15

In soad bewolking mei in pear buien of buikes. It drûge waar hat benammen fannemiddei de oerhân. De temperatueren om 18 of 19 graden. In matige oant krêftige wyn út west oant súdwest. Iselmar en Waadgebiet sa no en dan hurd. Jûn en fannacht wat mear kâns op in pear buikes. De wyn út it súdwesten en wurdt matich oant frij krêftich. De kommende nacht 14 of 15 graden. Warskôging wettersport: yn it Waadgebiet en boppe de marren in krêftige wyn. Wynstjitten yn krêft 7 of yn krêft 8

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)