It Waar fan 30 july 2018 17:20

    Tiisdei wer folop simmerwaarmte, mar beslist net stabyl. Bewolking, mar ek sinne en kâns op in pear flinke tongerbuien mei hagel en wynstjitten en pleatslik kâns op wetteroerlêst. Oerdei likernôch 24 graden. In matige wyn, meast út it westen. Yn 'e jûn oergong nei drûch waar en om 20.00 oere sa'n 20 graden. Yn de nacht sawat 14 of 15 graden. Warskôging wettersport en ferkear: oerdei út en troch stevige tongerbuien mei kâns op hagel en wynstjitten.

    It Waar

    Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)