It Waar fan 30 desimber 2017 17:20

Aldjiersdei bewolkt waar en rein of lichte rein. Yn 'e middei en foaral letter yn 'e middei drûch waar. Sa'n 11 en 12 graden (rekordwaarmte). Mear de provinsje yn in matige oant frij krêftige wyn út it súdwesten en wynstjitten oant yn krêft 6 of 7. Yn it kust en Waadgebiet in hurde wyn út it súdwesten mei wynstjitten oant yn krêft 8. Aldjiersjûn lang drûch waar. Letter yn 'e jûn en de Aldjiersnacht in pear buien. Yn it Waadgebiet mooglik mei tonger. Yn de nacht temperatueren om 6 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it súdwesten mei wynstjitten oant yn krêft 6. Yn it kust en Waadgebiet in krêftige wyn mei wynstjitten oant yn krêft 7. Nijjiersdei in oantal buien. De sinne der geregeld tuskentroch en 8 of 9 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it súdwesten en wynstjitten oant yn krêft 6 of 7.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)