It Waar fan 3 july 2020 17:15

Sneon rein en lichte rein, mar ek drûge perioaden. Amper of gjin sinne. Oerdeis sa'n 19 graden. In matige oant krêftige wyn út it súdwesten. Yn it Waadgebiet in hurde wyn. Wynstjitten yn krêft 8. Yn de jûn en nacht oer nei in lange perioade mei drûch waar. In hege nachttemperatuer fan om de 17 of 18 graden en in krêftige súdwester.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)