It Waar fan 29 oktober 2013 18:15

Foarútsjoch
Droech waar mei sinneskyn en sa'n 12 of 13 graden. In matige oant krêftige súdwestlike wyn. Op 'e jûn droech waar en in tanimmende bewolking. Nachts alwer rein en temperatueren om de 8 of 9 graden hinne. Yn it Waadgebiet nimmt de súdwestlike wyn ta oant hurd.

Tongersdei bewolkt waar mei bytiden rein of in bytsje rein. In matige oant krêftige súd oant súdwestlike wyn, yn it Waadgebiet hurd. Oerdeis 12 of 13 graden. Freed in buike, geregeld sinneskyn en sa'n 13 graden. It wykein reinich waar mei temperatueren om de 13 graden hinne. Snein in hurde oant stoarmiche wyn.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)