It Waar fan 29 april 2017 18:10

Snein maitiidstemperatueren om de 17 graden hinne. In soad sinne, mar ek noch wol wat bewolking. In matige wyn út it easten oant súdeasten. Yn it kust en Waadgebiet krêftich, krêft 6. Dat jildt ek foar it noardlike diel fan de Iselmar. Boppe de oare marren en boppe it iepen fjild in frij krêftige wyn, krêft 5. Yn de jûn en nacht mear bewolking, mar drûch waar en 7 of 8 graden. Warskôging wettersport: in krêftige wyn oer it lân en it wetter is kâld! Moandei geregeld sinne, ek bewolking en sawat 16 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)