It Waar fan 28 desimber 2019 18:10

Foarútsjoch: snein oerdei sinne en temperatueren om 5 graden hinne. Troch de matige oant frij krêftige wyn út súd oant súdwest sil it kâlder oanfiele . Yn de nacht temperatueren krekt boppe nul mei kâns op froast oan 'e grûn. Moandei 7 of 8 graden mei in soad sinne, in matige oant út en troch frij krêftige wyn út it súdwesten.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)