It Waar fan 28 april 2018 18:10

Snein in soad bewolking. Yn ' e moarn rein. Yn 'e middei in lange perioade mei drûch waar en de sinne der op plakken even troch. Sa'n 13 of 14 graden. De wyn út noard oant noardeast is matich oant frij krêftich. Yn 'e jûn fan it súdwesten út rein mei in buiich karakter. Yn de nacht 8 of 9 graden en in krêftige oant hurde wyn út noard oant noardeast. Moandei rein mei in buiich karakter. Oerdei likernôch 14 of 15 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it suden oant súdwesten. Yn de nacht buien.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)