It Waar fan 27 oktober 2018 18:10

Snein drûch waar, of it moat yn de iere moarn wêze dat der yn it Waadgebiet noch in buike foarkomt. Flink wat sinne. Oerdei 8 graden. It fielt folle kâlder oan troch de matige oant frij krêftige wyn út it easten oant noardeasten. Yn 'e jûn drûch en yn de nacht út it noardeasten wei buien. Yn de nacht 2 oant 4 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it easten oant noardeasten. Moandei stadichoan rein of lichte rein en meast of alhiel bewolkt waar. Skrousk en kâld mei temperatueren om 7 graden hinne. In matige oant krêftige wyn út it easten oant noardeasten. Yn de jûn en nacht ek rein en in matige oant frij krêftige wyn út it easten oant noardeasten. Yn de nacht 5 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)