It Waar fan 27 febrewaris 2021 18:10

Foarútsjoch: Snein earst mist, frij lang mist. Dêrnei bewolking en sinne mei oerdeis 7 oant 9 graden. In swakke wyn út noardeast. Yn de jûn en nacht mist en dichte mei +1 of +2 graden. Kâns op wat grûnfroast. Moandei earst mist en de mist kin it lang folhâlde. De sinne der noch efkes troch en oerdeis 7 oant 9 graden. De noardeastewyn is swak of matich. Yn de nacht om +1 graden en grûnfroast. Tiisdei bewolking en 6 oant 9 graden. Yn de nacht om 0 graden en grûnfroast. Woansdei de sinne derby en oerdeis 6 oant 9 graden. Fanôf tongersdei oant en mei it wykein wat kâlder. Yn de nachten wat lichte froast fan om -1 en -2 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(Advertinsje)