It Waar fan 27 augustus 2013

Foarútsjoch
It wurdt in noflike dei mei temperatueren om de 22 graden hinne. We hâlde it droech waar en we krije sinneskynwaar mei ôfwikseljend bewolking en sinne. De wyn komt út it noardeasten wei en wurdt swak oant matich, krêft 2 oant 3.

Dizze wike hâlde wy stabyl en droech waar. In hegedrukgebiet boppe Sweden krijt sa stadichoan meiwurking fan in krêftich hegedrukgebiet boppe de Atlantyske Oseaan. It soarget der foar dat wy dizze wike mar in bytsje bewolking en gjin delslach krije. De temperatueren binne mei sa'n 22 graden noflik. Snein en moandei krije wy mear bewolking en sa út en troch perioaden mei rein. It kwik sakket dan nei 17 oant 18 graden.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)