It Waar fan 26 oktober 2012

Foarútsjoch
Sneon en snein geregeld sinne, no en dan buien, in inkelde mei wat wiete snie of wat hagel. It wurdt dan 8 graden en wetterkâld. Yn 'e moarntiid temperatueren tichtby it friespunt. Kommende wike wurdt it reinich mei 8 à 9 graden, by in matige oant (frij) krêftige súdwestewyn.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)