It Waar fan 25 maaie 2018 17:40

Foarútsjoch: sneon sinne en simmerwaarmte mei oerdei 22 en 23 graden yn it Waadgebiet oant 24 of 25 graden op oare plakken. Yn it easten en súdeasten fan ús provinsje 26 en 27 graden. In matige wyn út it noardeasten. Boppe de marren út en troch in frij krêftige wyn. Yn it Waadgebiet krêftich, yn krêft 6. In warskôging foar de wettersport ek foar de ôflandige wyn. Yn 'e jûn om 20.00 oere noch 20 oant 22 graden en yn de nacht 14 en 15 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)