It Waar fan 25 febrewaris 2016 17:15

Foarútsjoch:
Freedtemoarn earst autoruten skraabje en kâns op glêdens. Fierder in dei mei drûch waar en in soad sinne. Temperatueren om 4 of 5 graden. In swakke oant matige súdwestlike oant sudewyn. Yn 'e nacht lichte froast, opnij -3 graden. Yn mistgebieten -4 graden of noch wat leger en dus kâns op glêdens.

Sneon earst mist, fierder geregeld sinne. Oerdei 4 graden, mar troch de matige oant frij krêftige eastlike oant noardeastewyn fielt it kâlder oan. Snein drûch mei sinne en 4 of 5 graden. In kâlde, (frij) krêftige noardeastewyn. Nachts -2 graden.

Moandei drûch mei sinne en bewolking en oerdei 5 graden. Yn 'e nacht lichte froast. Tiisdei rein.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)