It Waar fan 25 febrewaris 2014 18:15

Foarútsjoch.
It liket in droege dei te bliuwen mei in soad bewolking. Benammen yn it Waadgebiet noch efkes de sinne derby. Temperatueren om de 9 of 10 graden hinne. In matige oan frij krêftige súdwestlike wyn. Op 'e jûn en yn 'e nacht droech waar en nachts 2 of 3 graden mei kâns op froast oan de grûn.

Tongersdei bewolkt waar en geregeld rein of in bytsje rein. It is skrousk waar mei in matige oant krêftige sudewyn. Freed meast bewolkt waar. Sneon droech en meast bewolkt waar mei de sinne derby. Snein oerdeis droech waar.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)