It Waar fan 23 maart 2020 17:15

Folop de sinne der by. Oerdeis sawat 9 of 10 graden. De wyn út it easten oant súdeasten is matich oant frij krêftich. Yn it Waadgebiet út en troch krêftich. Hjirtroch fielt it noch hieltyd flink kâlder oan. Jûn en fannacht helder waar en benammen mear it lân yn wat minder wyn. De kommende nacht +1 oant -2 graden. Meast lichte froast.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)