It Waar fan 23 augustus 2018 18:20

    Foarútsjoch: Freed bewolking, sinne en in pear buien, foaral oan 'e kust. Yn it Waadgebiet en boppe en om de Iselmar kâns op de meast aktive buien mei mooglik tonger en wynstjitten. Mar ek flink drûge perioaden. Oerdei likernôch 18 graden. De wyn út westlike rjochtingen is matich oant frij krêftich. Yn it kust en Waadgebiet en boppe de marren krêftich en bytiden hurd. Yn 'e jûn, mar foaral fannacht in soad rein troch buiich waar mei kâns op tonger. De meast stevige buien yn it Waadgebiet en boppe en om de Iselmar.

    It Waar

    Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)