It Waar fan 23 april 2018 17:30

Foarútsjoch: tiisdei berûn waar mei rein of in bytsje rein en drûge perioaden. Dizze drûge perioaden benammen yn 'e moarn en foar in part yn 'e middei. Temperatueren tusken de 12 graden yn it kust en Waadgebiet oant 13 of 14 graden op oare plakken. In matige oant frij krêftige wyn út it westen oant súdwesten. Yn it Waadgebiet krêftich en sa no en dan earst hurd. Letter op 'e middei en yn it earste diel fan de jûn in minder krêftige wyn, meast matich, krêft 3 of 4.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)