It Waar fan 21 jannewaris 2017 18:10

    Snein earst kâns op mist en glêde diken. It wurdt 0 graden oant +2 op de eilannen. De swakke oant heechút matige wyn komt út it suden oant westen. Jûns en nacht klearret it op en kin de temperatuer sakje nei -3 of -4 graden. Op guon plakken mooglik -5. Jûns en nachts kâns op mist, en glêdens.

    Moandei en tiisdei wikseljend sinneskyn en bewolking. Oerdeis temperatueren om 4 of 5 graden hinne. In swakke oant matige wyn tusken súd en west. Yn de nachten lichte froast, om -1 graden hinne. Kâns op damp waar. mist en glêdens.

    It Waar

    Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    (advertinsje)