It Waar fan 2 jannewaris 2021 18:10

Foarútsjoch: snein geregeld sinne mei yn it Waadgebiet earst in buike en 3 of 4 graden. In matige en kâld oanfielende noardeastewyn. Yn de jûn en nacht oer op wat rein en +1 of +2 graden. Moandei in soad bewolking mei kâns op rein en letter ek wiete snie. Oerdeis 3 of 4 graden. In matige oant frij krêftige en kâlde wyn út east oant noardeast. Wynstjitten yn krêft 6 of 7.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(Advertinsje)