It Waar fan 19 novimber 2018 17:30

Foarútsjoch: tiisdei in protte bewolking. Oerdeis noch mar 3 of 4 graden. Yn 'e middei snie of lichte snie. In flink kâlde krêftige oant hurde wyn út it easten oant noardeasten. Wynpûsters oant yn krêft 8. In gefoelstemperatuer fan sa'n -2 of -3 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)