It Waar fan 19 juny 2018 17:30

Foarútsjoch: woansdei folop simmer mei sinneskyn en mei temperatueren om 22 en 23 graden hinne. In matige oant frij krêftige wyn út it westen oant súdwesten. Boppe de marren frij krêftich en bytiden yn krêft 6. Yn it kust en Waadgebiet krêftich en wynstjitten oant yn krêft 7. Yn ' jûn nimt de wyn ôf, drûch waar en mear bewolking en om 19.00 oere likernôch 19 en 20 graden. Yn de nacht rein en in matige oant frij krêftige wyn út it westen oant noardwesten. Yn de nacht 13 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)