It Waar fan 19 desimber 2020 18:10

Foarútsjoch:

Snein is de sinne der ôfwikseljend by en oerdeis 9 of 10 graden. Letter yn de middei en jûn yn it westlik Waadgebiet kâns op in buike. De wyn komt út súd oant súdwest en is noch hieltyd (frij) krêftich, krêft 5 of 6. Yn de nacht nei moandei ta folgje ek in pear buikes en yn de nacht 5 of 6 graden. Moandei is der earst sinne. Fanút it súdwesten tanimmend bewolkt en yn de middei rein. Oerdeis 8 graden. De frij krêftige wyn komt út súd oant súdeast, sa no en dan krêft 6. Tiisdei in buike, sinne en 8 graden mei in (frij) krêftige west oant súdwestewyn. Rjochting kryst wurdt it kâlder. Tongersdei 6 of 7 graden en buien. De krystdagen kâns op winterske buien. Oerdeis 4 of 5 graden, yn de nachten om 0 of +1 graden en froast oan de grûn.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(Advertinsje)