It Waar fan 19 augustus 2019 17:15

Kâns op in bui of in buike. Dit benammen yn it Waadgebiet en it Iselmargebiet. Fierder hat it drûge waar de oerhân. De sinne let him sjen mei temperatueren om 20 graden. In matige oant frij krêftige wyn út súdwest oant west. Meast súdwest. Yn it Waadgebiet komt in krêftige wyn te stean. Wynstjitten yn krêft 6 of 7. In warskôging foar de wettersport. Jûn en fannacht yn it Waadgebiet earst noch kâns op in bui, mooglik mei tonger. Letter drûch. Fierder opklearrings en 12 of 13 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it súdwesten.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)