It Waar fan 18 maart 2013

Foarútsjoch: Tiisdei krije we út en troch de sinne, mar letter ek bewolking en yn it súdwesten en westen fan de provinsje mooglik wat rein. It wurdt in stik kâlder mei temperatueren om de 2 of 3 graden, by in matige oant frij krêftige noardeastewyn.

Woansdei en tongersdei krije we no en dan in sniebui en oerdei wurdt it 2 of 3 graden. Yn de nachten lichte oant matige froast mei -2 oant -5 graden. Freed en sneon ferrinne droech en frij sinnich by 5 of 6 graden.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)