It Waar fan 18 augustus 2017 17:20

Sneon in oantal buien, benammen yn it kust en Waadgebiet. Yn de moarn mooglik earst ek noch kâns op tonger. Oerdei flinke perioaden mei drûch waar, de sinne derby en sawat 19 of 20 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it westen oant súdwesten. Boppe de marren krêftich, krêft 6. Yn it Waadgebiet en boppe it noardlik part fan de Iselmar út en troch hurd. Yn de jûn en nacht in inkele bui benammen yn it Waadgebiet.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)