It Waar fan 17 juny 2013

Foarútsjoch
It wurdt in moaie, simmerse dei mei 25 oant 27 graden. Kustgebied, Waadeilân en op it strân 23 oant 25 graden. Flink wat sinne. In matige oant frij krêftige wyn út east oant noardeast. Letter op 'e middei en jûn falt de wyn fuort.

Tiisdei en woansdei oerdeis droech mei geregeld sinne en tige waarm simmerwaar. Tiisdei 24 oan see, oant 28 graden. Woansdei 25 oant 29 graden. Woansdei yn 'e middei of op 'e jûn kâns op in tongerbui. Tongersdei 19 of 20 graden mei buien en mear bewolking.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)