Foarútsjoch: tongersdei earst noch perioaden mei rein of wiete snie. It is dus ek sa no en dan drûch. Yn 'e middei earst noch in perioade mei rein, mar it wurdt al ridlik gau drûch. Yn 'e middei 5 of 6 graden. Der stiet yn 'e moarn en earst ek noch efkes yn e middei in hurde oant stoarmige wyn út it westen oant noardwesten. Wynstjitten oant yn krêft 9 oant krêft 11. De meast swiere wynstjitten boppe de Iselmar en it noardwesten, westen en súdwesten fan de provinsje. Healwei de middei wurdt it rêstiger.