It Waar fan 17 jannewaris 2016 18:10

Foarútsjoch: Moandei drûch waar mei earst sinne. De loft berint stadichoan. De temperatuer bliuwt stekken by 0 of -1 graden. Earst net folle wyn, mar de east oant súdeastewyn sil letter wol wat tanimme. Der komt in matige wyn te stean, wêrtroch it kâlder oanfielt. Yn de jûntiid sakket de temperatuer rap en falt de wyn sawat stil. In kâlde nacht mei op de measte plakken matige froast mei -6 of -7 graden. Op 'e eilannen -2 oant -4 graden. Yn gebieten mei snie en mist binne noch legere temperatueren mooglik.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)