It Waar fan 17 desimber 2013 18:15

We krije woansdei in meast droege dei mar wol in soad bewolking. Earst noch wat rein of in lokale bui yn 'e moarntiid. De temperatueren komme om de 8 oant 9 graden te lizzen, by in matige en oan see krêftige wyn út it suden oant súdwesten. Yn 'e jûn en nacht komt der reinwetter.

Tongersdei sa út en troch sinneskyn en inkelde buien, by 10 graden. Gjin winterwaar. Freed droech en sneon rein en wyn. Mooglik súdwesterstoarm. Mei 8 graden bliuwt it sêft waar foar de tiid fan it jier.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)