It Waar fan 16 oktober 2013

Foarútsjoch
Kommende nacht wat rein. Tongersdei út en troch sinneskyn en 15 graden, mar ek in buike. Freed is it meast bewolkt en wat griemerich waar mei no en dan storein of wat lichte rein. It wurdt sa'n 15 graden. Sneon is it wikselfallich mei in pear buikes en wurdt it ek 15 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)