It Waar fan 16 maart 2014 18:09

Snein bewolking en sinneskyn. Temperatueren om de 11 of 12 graden hinne. In matige oant krêftige weste- oant noardwestewyn. Fannacht bewolking en sawat 7 of 8 graden. In krêftige oant hurde westewyn.

Foarútsjoch: Moandei in soad bewolking, mar ek sinneskyn. Temperatueren om de 11 graden hinne. In matige oant krêftige westewyn. Yn 'e nacht opklearrings. Tiisdei oerdeis ek droech waar mei in soad bewolking en wat sinneskyn. It wurdt dan 12 of 13 graden. Op 'e jûn en nachts rein. Woansdei bewolkt waar mei út en troch rein en likernôch 11 of 12 graden. Tongersdei en freed maitiidswaar mei in soad sinneskyn en 15 of 16 graden.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)