It Waar fan 15 maart 2018 17:30

Foarútsjoch: freed in soad bewolking en oerdei sa'n 3 of 4 graden. Yn it westen en suden fan de provinsje snie en lichte snie. Dat jildt ek foar de westlike eilannen. Op oare plakken drûch waar. Der stiet in krêftige oant hurde eastewyn dy 't tige kâld oanfielt. Wynstjitten oant yn krêft 8.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)