It Waar fan 15 april 2014 18:15

Foarútsjoch:
It wurdt in moaie dei mei droech waar en flink wat sinne. Derneist is it rêstich waar en dat kinne wy fuortendaliks merke. It kwik rint op nei sa'n 14 graden, by in swakke of matige wyn út it easten oant súdeasten.

Tongersdei begjint mei sinneskynwaar en it wurdt 15 graden, letter op 'e dei kinne wy inkelde buien en mear bewolking krije. Freed noch in buike, yn it peaskewykein 16 of 17 graden. Letter op snein op earste peaskedei buien en moandei op twadde peaskedei út en troch rein.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)