It Waar fan 14 maaie 2013

Foarútsjoch

Woansdei begjin de dei mei bewolking en rein. Middeis wurdt it droech en kin de sinne der by komme. It is tusken de 14 en 16 graden. Der stiet in matige oant krêftige súd oant súdweste wyn.

Tongersdei en freed komme der njonken buien ek droege mominten foar, wêrby de sinne geregeld foar 't ljocht komt. It wurdt sa'n 15-16 °C. Op sneon en op de Pinksterdagen bliuwt it net hielendal droech: der kinne wat buien falle, mar de sinne is der ek by. It bliuwt wol wat oan de frisse kant mei 15 oant 17 °C.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)