It Waar fan 14 augustus 2014 18:15

Foarútsjoch:
De kommende dagen hâlde wy perioaden mei buien of buikes. Oerdeis geregeldwei sinne en ek droege mominten. De temperatueren komme te lizzen om de 19 of 20 graden hinne. De wyn komt dizze dagen út west oant súdwest en is matich oant krêftich. Allinich freed en sneon út it westen oant noardwesten. Snein en moandei in soad rein by in krêftige oant hurde west-súdwestewyn.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)