It Waar fan 13 juny 2018 17:30

Foarútsjoch: tongersdei in hjerstdei. Dizze tongersdei begjint mei miskien noch even wat sinne. It wurdt al gau berûn en benammen letter yn 'e moarn en yn it earste part fan de middei rein. Letter op 'e middei drûch waar en de sinne der troch. Oerdei 19 of 20 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it suden oant súdwesten, út en troch krêftig. Yn it kust en Waadgebiet en boppe de marren in krêftige oant hurde wyn, krêft 6 of 7. Wynstjitten oant yn krêft 8. Yn it Waadgebiet mooglik yn krêft 9. Letter op 'e jûn sil de wyn al ridlik gau ôfnimme.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)