It Waar fan 12 jannewaris 2014 18:09

In soad sinneskyn, foaral yn it kustgebiet. Oerdeis sawat 6 of 7 graden. In matige wyn út it suden oant súdeasten wei. Op 'e jûn frij helder waar, temperatueren om de 0 graden hinne en froast oan de grûn. Letter yn 'e nacht tanimmend bewolkt waar.

Foarútsjoch: Earst in soad bewolking mei rein of in bytsje rein. Letter droech waar mei sinneskyn. Middeis yn it noarden en it Waadgebiet noch wat buien of buikes. Oerdeis sawat 7 of 8 graden en nachts 2 of 3 graden. In matige súdlike oant súdwestewyn. Op 'e jûn en yn 'e nacht droech waar mei opklearrings en temperatueren om de 3 graden hinne.

Tiisdei bewolking en sinneskyn mei 6 of 7 graden. Droech waar. In matige súd oant súdeastewyn. Yn 'e nacht sa'n 2 of 3 graden en bewolkt waar. Woansdei sa'n 4 of 5 graden mei in soad bewolking. Yn 'e nacht temperatueren om de 2 of 3 graden hinne. Tongersdei en freed bytiden rein, droege perioaden en 5 of 6 graden.

Share this page on:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)