It Waar fan 12 desimber 2018 17:30

Tongersdei yn 'e moarntiid earst op plakken kâns op glêdens. Oerdei in protte bewolking, mar ek noch de sinne derby. Sa'n 3 graden. De wyn út it easten oant noardeasten is matig oant frij krêftig. Dertroch fielt it kâlder oan. Gefoelstemperatuer sa'n -2 en -3 graden. Yn 'e jûn en nacht lichte froast, sawat -2 graden.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)