It Waar fan 11 jannewaris 2014 18:10

Sneon bewolkt waar mei rein of in bytsje rein. Letter op 'e middei of yn 'e jûn droech waar. De temperatueren komme te lizzen om de 7 graden hinne by in matige oant krêftige wyn út it westen oant noardwesten. Fannacht flinke opklearrings en sawat 1 of 2 graden. Op plakken froast oan de grûn en kâns op glêdens.

In soad sinneskyn, foaral yn it kustgebiet. Oerdeis sawat 6 of 7 graden. In matige wyn út it suden oant súdeasten wei. Op 'e jûn frij helder waar, temperatueren om de 0 graden hinne en froast oan de grûn. Letter yn 'e nacht tanimmend bewolkt waar.

Nije wike ûntstiet in hegedrukgebiet boppe Skandinavië. Begjin takommende wike noch in soad bewolking. Tongersdei en freed sa njonkenlytsen kâlder mei in easte- oant súdeastewyn.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)