It Waar fan 11 augustus 2018 18:30

Snein oerdei drûch waar en in simmerfakansjedei mei aardich wat sinne. Stadichoan mear bewolking. Oerdei sa'n 23 of 24 graden. In matige oant frij krêftige wyn út it suden oant súdwesten. Yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar krêftig, krêft 6. Yn 'e jûn of nacht kâns op rein. Moandei temperatueren om 23 graden hinne, aardich sinne, mar ek buien en kâns op tonger. In matige oant frij krêftige wyn út west oant súdwest.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)