It Waar fan 10 desimber 2012

Foarútsjoch
Geregeld sinne en oerdeis meast droech, heegút in verdwaald sniebuike. It wurdt tusken de 1 en 5 °C. De noardwest- oant noardeastelike wyn wurdt swak oant matich, Wadden frij krêftich. Yn 'e jûn en nacht wat mear sniebuien of - buikes en glêdens. Yn 'e nacht: -2 of -3 °C.
Woansdei inkelde winterse buikes of buien mei (wiete) snie. Oerdeis wurdt it dan 2 °C. Dernei krije wy kwakkelwaar en yn 'e jûntiid, nachts en moans glêdens. Oerdeis temperatueren om de 2 of 3 graden hinne. Yn 'e jûn, nachts en moantiid tusken de 0 en -2 of -3 graden. Geregeld winterse buien mei wat (wiete) snie.

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
(advertinsje)