It Polytburo fan 9 septimber 2019 17:35

Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) is jûn te gast yn It Polytburo. Hy hat ûnder oaren media-saken yn portefúlje. Fannewike sil de Keamer debatearje oer it mediabrief fan minister Slob, wêryn't ûnder oaren de posysje fan regionale en lokale omroppen oan de oarder komt. Wat stiet der op it spul, en hoe stiet Van der Molen dêryn? En wat fynt hy fan de krityk fan de Ried fan Europa, dat de minister te min docht foar it Frysk? Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn mei Harry van der Molen.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)