It Polytburo fan 9 oktober 2020 17:15

Peter van der Voort út Boksum is senator foar D66 èn haad fan de Intensive Care fan it UMCG yn Grins. Hy is jûn te gast yn It Polytburo. Fansels prate Andries Bakker en Eric Ennema mei de medikus/politikus oer corona, hy makke de gefolgen fan it firus yn "syn" sikehûs fan hiel tichtby mei. Sil de app, dy't moarn operasjoneel wurdt, helpe? En werom is syn partij foar it earder hâlden fan ferkiezingen, takom jier? 

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(Advertinsje)