It Polytburo fan 9 oktober 2017 18:45

    Gast yn It Polytburo is âld-minister Pieter Winsemius (VVD). Hy presintearret moarn, op de Dei fan de Duorsumens, syn plan foar de Fryske enerzjystrategy. It moat oars, it moat griener en duorsumer. Yn It Polytburo leit er út hoe't soks yn de praktyk brocht wurde moat. En hoe sjocht Winsemius nei de plannen fan it nije kabinet Rutte?

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)