It Polytburo fan 9 maaie 2017 18:45

    Rinie van der Zanden is fraksjefoarsitter foar de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten. Se is jûn te gast yn It Polytburo, en mei har sille we it ha oer enerzjy-transysje. De oergong fan fossile brânstof nei enerzjy dy't op in klimaatfreonlike(r) wize opwekt wurdt stiet boppe-oan it ferlanglistje fan har partij. Mar de measte minsken binne dêr noch net bepaald fan oertsjûge. Sa is de wjerstân tsjin bijgelyks wynmûnen, seker ek yn Fryslân, grut. Tagelyk tinkt de partij dat in protte minsken oerskatte hoe grut it "griene" oandiel fan de opwekte enerzjy is. Dat is (mar) seis persint, en dat is fierstente min, fynt Van der Zanden. Mar hoe wol sy sa'n mentaliteitsferoaring foarinoar krije? Mei mar ien sit yn Provinsjale Steaten is de politike slachkrêft fansels mar lyts.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)