It Polytburo fan 9 desimber 2019 17:30

Noch net earder wie it Wetterskip it doel fan lulke boeren, mar ferline wike wie dat wol it gefal. Mei hûnderten trekkers protestearren boeren tsjin taryfsferheging. Dykgraaf Paul van Erkelens, op de drompel fan syn pensioen, seach der nuver fan op. Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn yn It Polytburo mei him. Oer militante boeren, oer de rôl fan it Wetterskip, en oer it ûntbrekken fan "daadkracht" by de oerheid. It ynterview mei Paul van Erkelens wurdt wer ôfsletten troch de "live" cartoon fan Gerco van Beek.

It Polytburo

Fan freed 3 april ôf praat Eric Ennema oer de les fan Corona, mei gasten út it bedriuwslibben, kultuer en polityk.
Presintaasje: 
Eric Ennema
(advertinsje)