It Polytburo fan 8 jannewaris 2018 18:45

    Yn dizze earste ôflevering fan it nije jier is de Ljouwerter kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma (PvdA) te gast. En dat is gjin tafal: it "jubeljier" 2018 is krekt in wike âld. Wat bringt ús dit Kulturele Haadstêdjier? Wêr makket Feitsma him soargen oer -of wurdt it in jier wêryn't we fan festiviteit nei festiviteit drave? Is der eins wol romte foar in krityske blik? Andries Bakker en Eric Ennema ha dy blik yn elk gefal wol, ek as it om dit ûnderwerp giet, en sy sille Feitsma dan ek in tal krityske fragen foarlizze. En hoe komt it mei it nije kolleezje fan Ljouwert, dat dizze wike presintearre wurdt?
    It Polytburo wurdt lykas altyd ôfsletten mei de "live"cartoon fan Gerco van Beek.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)