It Polytburo fan 8 april 2019 17:45

De formaasje fan it nije kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân is yn folle gong. Ynformateur Harry van der Molen besjocht de mooglikheden, en set yn op fiif partijen: CDA, VVD, FNP, PvdA èn Forum voor Democratie. Dy lêste partij -grutte winner bij de ferkiezingen- is in risiko, en dêr ha de measte partijen in hekel oan. De oare winner, GrienLinks, liket op it stuit bûten de boat te fallen. En dat is wol opmerkelik: it wie ommers de PvdA dy't him ferbûn ferklearre mei GrienLinks. Andries Bakker en Eric Ennema prate yn It Polytburo mei GrienLinks-oanfierder Matthijs Sikkes-van den Berg. Is syn rôl útspile?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)